IN BOPPESLACH
út myn hân ferlûkt
in dwerse strûper
siedend bloed lûkt oer it fjild
ús partuer stiet op 'e dea
de bal is kwea
de bal is kwea
yn 'e Murdhoun in tút op it hert
in meter bier en mar gau ferjitte ferjitte
en moarn in houten kop o ik sûp mysels
in slach yn 'e tonge no gjin djoere wurden
mear leafste tútsje tútsje my want
de bal wie kwea
de bal wie kwea
en sjit my in kramming troch de lea
dan net mear tútsjeboartsje wier ik moat
nei hûs ta leafste ik moat sliepe sliepe oant ik net mear wit fan myn en dyn bestean
ik moarns wekker wurd koarjend boppe in amer
tink it keatsen wie wer in boppeslach!
© Elmar Kuiper 2004
MAITIID YN HUNS
Ik fyts oer de rêch fan in slangedyk
rûk piipkrûd en bûterblommen
snúf jarrelucht op.
De dyk bochtet nei de kluchten fan 'e Middelsee
Romeinske loften hingje boppe it wetter
in boer smookt, it kuil wer droech oan 'e bult.
Foar myn eagen scant immen it oerlân
in detektor jout lûd, in bliidmoedige man
dolt yn myn nachtswarte pupillen.
Ik stek oer
pânsere hûden jeie my om 'e earen
deunby kreunt in tsjerkeklok.
Yn livige beammen slaan protters de tiid wat stikken
blêden risselje as fuortsjittende reptielen
wynhûnen en murden gekjeie yn 'e bleek
it is hjir te dwaan.
Ik stap ôf
ûnder de draachmemmen
fan it hôf.
© Elmar Kuiper 2004