Gebruikers Online

· Gasten online: 2

· Leden online: 0

· Totaal aantal leden: 26
· Nieuwste lid: MadeleinHD

Inloggen

Gebruikersnaam

Wachtwoord



Lid worden?

-->> Klik hier <<--
Om aan te melden.


Wachtwoord vergeten?
Vraag hier om een nieuw wachtwoord.

Shoutbox

U dient in te loggen om een bericht te plaatsen.

saapkea
26-04-2013 11:42
Wat sjocht it boartersplakje der wêr moai fris út!

judith
10-04-2013 17:17
onderstaande link bevat foto's van ons mooie dorpje http://www.flickr.
..us/page56/

elmark
24-02-2013 15:36
hoi allegearre, op tongersdei 28 febrewaris makket de K Rûte opnames fan it toanielstik De lytse Kannibaal. Op woansdei 6 maart sil it te sjen wêze yn de K Rûte fan Omrop Fryslân.

reinderr
01-09-2012 22:03
wij hebben ook nog wateroverlast, misschien kan DE pomp daar ook oplossing voor zijn. Blij dat de Ielpartij weer zo populair is ook hier is een compliment voor de organisatie op zijn plaats

Sjors
31-08-2012 18:35
Minne en Piet zijn de hele dag druk op het veld bezig geweest met pompen enz om het water eraf te krijgen. Groot compliment hiervoor! Het ligt er voor zondag weer mooi bij. Grin

Ledenenquête

Moet de glasbak terug?

Ja
Ja
90% [9 stemmen]

Nee
Nee
10% [1 stem]

Stemmen: 10
U dient in te loggen om te stemmen.
Gestart: 26-11-2010 09:11

Historie dorpshuis "Murdhoun"

Hieronder vindt U informatie over de geschiedenis en de activiteiten van ons dorpshuis.

 

Murdhoun

 

In "murdhoun" is in murd en in wynhûn tagelyk.
Húnsers binne murden,
Leonsers binne wynhûnen,
Derfandinne dit frjemde bist.
 
Wês hoeden op de Húnser, it is in stjonkert.
En fersin jo net, Leonsers binne sa mar fuort.
 

Yn 1701 siet yn dit pân in bakker en yn 1965 ek noch. Yn 1956 hâlde Tinga wol op mei de waarme bakkerij en krijt hy syn bôle en oare bakkersaken fan Schuurmans bakkerij fan Ljouwert.

Dan is der dus net mear in bakkerij, mar noch wol in winkel. Op âldjiersjûn kalken kweajonges doe: “Eet Schuurmans brood, dan ga je gauwer dood”. 

De earste bakker dêr’t wy de namme fan witte is Ale Martens van der Meer dy’t yn 1843 syn bakkerij starte. Yn 1852 keapet hy it pân. Der stiet yn de akte by dat hy wol goed op ‘e hichte is fan de brekfallige steat sjoen dat hy earder hierder is. Ale hat de herberch/bakkerij oant 1874.

De erven van der Meer ferkeapje de herberch anneks bakkerij oan Johannus Hannema, dy’t it ferhiert oan Sake Koenraads Rodenhuis yn 1901. Dêrtusken sitte noch 5 oare kastleins.

Yn 1904 wurdt it spul ûnder de noas fan de hierder wei ferkocht oan Engbert Terpstra dan op nû 10. De hierder kin gean. Hy kocht it Tolhús fan Hoptille. It wurdt no tinkt ús ek dúdlik wêrom’t de keatsferiening yn 1905 beslút om ien fan de trije ledepartijen op Hoptille te hâlden.

De eardere man fan de Húnser herberch krige sa ek noch wat. De wichtigste famylje dy’t hjir as herberchhâlders wenne hat is dit Terpstralaach. Engbert Johannes Terpstra trout yn 1893 mei Duifke Jans Klasema. Ut dit houlik; Johannes, troud mei Pietje Kleiterp dy’t yn Indianapolis buorket, Geertsje troud mei Klaas Bonnema, winkelman fan Dronryp, Anna troud mei Taeke Postma, musyklearaar yn de Ryp en Jan Hendrik, dy’t letter de saak oernimt en úteinlik op nû 43 in went delset. Yn 1905 stjert Engbert en dan stiet jierren en jierren oant 1924 yn alle notuleboeken fan ferienings fan Húns-Leons: gearkomste fan sa en sa by  de widdow Terpstra. Hja giet dan werom nei Drachten.

Soan Jan nimt it oer oant 1939 en dan krije wy Frâns Tinga. Hy set in hinnehok efter de bakkerij. Frâns is de 13e kastlein as van der Meer as earste teld wurdt. Nei Tinga komme der trije dy’t it in jier folhâlde, dan komt Gerrit Letter foar 4 jier fan 1969 oant 1973. Nei Letter komt Drost, dan Keizer. De herberch hjit dan de Zanzibar. De buorman wol de saak fan Keizer keapje en yn de Zanzibar in relaxhús begjinne. Boargemaster Pouwel Kuiper fan Baarderadiel en ek skriuwer fan Doarpsbelang Hoaite de Haan sprekke der skande fan. It komt noch krekt goed: de gemeente keapet de herberch en Doarpsbelang nimt it oer as doarpshûs. Pouwel Kuipers iepenet it doarpshûs yn novimber 1979. Joost Lottgering, foarsitter fan de Federaasje fan Doarpsbelangen, komt mei in aardich kado, in linebeam, de gemeente jout de oare.

Frou Fopma fan Ypeystate komt mei in oar aardich kado: de trui fan dochter Tineke de wrâldkampioene hurdriden.

Jan en Eef Dijkstra fan Jorwert nimme de eksploitaasje oer. Dy hâlde hja oant de let jierren tachtich. Yn 1990 wurdt it doarpshûs werris iepene nei in ferbou. Dan nimme doarpsgenoaten de eksploitaasje oer. Earst de Fokkens, Gerrit fan Winsum en Minne en Antsje fan nû 13, dan de froulju Froukje Karsten fan de tsjerkepleats en Ricky Terpstra fan Baard en letter Ricky allinne. Yn 2000 nimt Doarpsbelang it sels oer. Yn 2003 is it Doarpshûs fan bûten en fan binnen wer opkrease.

 

Reacties

Er zijn nog geen reacties geplaatst.

Reactie plaatsen

Logt u a.u.b. in om een reactie te plaatsen.

Waardering

Waardering is alleen beschikbaar voor leden.

Logt u a.u.b. in om te stemmen.

Er zijn nog geen waarderingen gegeven.
Verwerkingstijd: 0.80 seconden
603,517 unieke bezoeken